FRYSK BLOED TSJOCH OP
Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde
It Fryske lân fol eare en rom
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlêst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.






